Loading...

fan dize nei waaksdom.

Wa bin ik

Wa is R.L.M. de Boer?

ik bin in frou en berne yn 1954.
Bin lokkich en troud;
we hawwe fjouwer bern.
We hawwe ek bernsbern.
Om myn hert op ‘e sigen te setten
bin ik op in dei
begongen mei skriuwen.
Op in gegeven momint
kaam dêr it sels
skriuwen fan lieten by.
Dat waard útwreide
mei it meitsjen fan
ynstrumintale muzyk.
Doe’t wy op in dei
in nij fototastel kochten
krige ik op ‘e jierdei in
foto’s meitsje kado.
Mocht der neist it
húshâlden en al dizze
kreatieve warberheden noch tiid oer is,
dan lear ik oargelspyljen.
Mocht der dan noch ien sekonde oer wêze,
dan hoop ik myn harp noch ris wer de
‘jas’ út te dwaan en der gelûd út te heljen.
Sa meist wol sizze, dat ik my
fuortendaalk net ferfele sil.
Ik bin de Heare tige tankber,
dat Er my dizze gaven en talinten
wol jûn hat.

Witst sa genôch?
R.L.M. de Boer