Loading...

Tekst, Wurden

Lange linige bjirk,
hâldst alle winen ta dyn freon.
Hoe hast dat dochs.

Flagje

De natoer,
fiert feest.
De berm is behongen
mei kleedsjes
en slingers.
It is hjoed
Margje, de spin,
har jierdei.

Nij in boadskipmearke!!

Foar jong en âld! In spesjale foar de kleuters! DE TSIISSKAAF! De tsiisskaaf is ûntefreden en giet mei fakânsje, mar giet dat wol goed?

Nij ‘Rare Tilja’. Ek dit is in boadskipmearke!

Foar jong en âld! In eigewize beam hâldt alles fêst.
Mar kin dat wol?

Sikest in tekst? Freegje!

Ik haw op ferskate manieren eat meitsje mocht. Lit my witte, watst sikest! Ien gedichtebondel stiet foar oan yn de rige om útjûn te wurden. Om jo in yndruk te jaan, fan wat der út myn kreative brein kommen is:

Ik haw:

  • Gedichten,

  • Toaniel foar bern,

  • Toaniel foar folwoeksenen,

  • Koarte ferhalen foar bern,

  • Vier boeken!!

  • Binne klear, mar noch net útjûn.

  • Wurdt oan wurke om út te jaan.

  • Klear

Ik lûk my neat oan fan ferkearsregels

Súntsjes,
stil;
sterk;
oaren slim bleat;
ek tige lyts,
mar wol
altyd thús.

No de mooglikheid in gedichtenbundeltsje te keapjen!

nij gedichtenbundeltsje

Brún wurde.

Ien tsjokke bolle konifear
koesteret him, heech
tusken pears en giel
blommenleech, yn it
blakstille ljocht
fan de moarnssinne.
De wrâld hâldt
de siken yn.

– R.L.M. de Boer

R.L.M. de Boer